Gau dúdlikens oer nij Thialf

12 okt 2011 - 12:34
  • Foto: Omrop Fryslân

Foar de ein fan dit jier komt der mear dúdlikens oer iisstadion Thialf op It Hearrenfean. De provinsje besjocht fan trije farianten wat de mooglikheden en de kosten binne. It giet om nijbou oan de noardkant fan Sportstêd Hearrenfean, nijbou op it plak fan it stadion fan no en renovaasje fan de besteande hal.

Foar de maitiid moat besletten wurde hokker fan de trije farianten it wurde moat. Provinsjale steaten wolle gau in beslút.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)