Garnalekotter wer flot lutsen

12 okt 2011 - 12:21
  • Foto's: Alieke Talsma

De garnalekotter dy't tiisdei op it Noardseestrân fan Skiermûntseach fêstrûn wie, is woansdei wer flot lutsen. Bergingsbedriuw rederij Noordgat fan Skylge hat it skip holpen.

De LO44 krige tiisdei maleur mei de motor en tou yn de skroef en koe net mear fuortkomme. De rêdingsboat fan Skiermûntseach hat noch besocht it skip mei in sleepkabel by de kust wei te hâlden, mar dat slagge net. De beide fiskers binne nachts oan board bleaun. Se mankeare neat.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)