Houtbedriuw Bûtenpost fallyt

Houtbedriuw Van de Witte (foto: Auke Zeldenrust)
It bedriuw Houtindustrie Van de Witte fan Bûtenpost is fallyt. De direkteur fan it bedriuw hat it fallisimint oanfrege. Oarsaak fan de problemen is de malêze yn de bou. It bedriuw rjochte him benammen op de bou fan searjes nijbouhuzen. Dy merk is hielendal ynsakke.
By Van de Witte wurkje tweintich minsken. De direksje praat woansdei mei de kurator oer de ôfhanneling fan it fallisemint.