Nije fentilaasje yn skoallen

12 okt 2011 - 11:30

Skoallebern yn de Middelseegemeenten kinne wer frisse lucht krije. Ferskate skoallen dêr hawwe in nij fentilaasjesysteem krige. Mei it systeem kin de temperatuer en de kwaliteit fan de lucht better regele wurde. Dat moat ynfeksjesykten tefoaren komme.

De hiele operaasje kostet hast in miljoen euro. Neist de bydrage fan 450.000 euro fan de gemeenten hawwe it ryk en de skoallen ek meibetelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)