Teloarstelling oer Thús Wonen

© Omrop Fryslân
Wenningkorporaasjes hawwe in maatskiplike ferantwurdlikheid om de leefberens yn stân te hâlden. Se moatte net alle hierhuzen yn doarpen ôfstjitte. Dat seit de stifting Doarpswurk dy't opkomt foar doarpen.
Wenningkorporaasje Thús Wonen wol him weromlûke út in soad lytse doarpen yn Noardeast-Fryslân. De korporaasje is benaud foar leechstân fanwege befolkingskrimp. It sit Doarpswurk dwers dat Thús Wonen him benammen liede lit troch jild.