Dantumadiel tsjin weryndieling

12 okt 2011 - 10:30
  • It gemeentehûs fan Dantumadiel (foto: Omrop Fryslân)

De gemeenteried fan Dantumadiel wol net meiwurkje oan in gemeentlike weryndieling. De ried lit wol twa oare mooglikheden ûndersykje: hielendal selsstannich bliuwe of in amtlike fúzje. Sa'n amtlike fúzje mei oare gemeenten soe de hegere wurkdruk opfange moatte.

Gemeenten moatte de kommende jierren mear taken fan it ryk útfiere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)