Rûzje oer garaazjekosten

12 okt 2011 - 10:01

In rûzje oer de reparaasje fan in auto hat tiisdei yn Drachten laat ta de oanhâlding fan twa manlju. De twa fan 19 en 28 jier wiene it net iens mei de kosten en woene net betelje. De garaazjehâlder woe de auto dêrom net meijaan.

Se rekken slaande deilis, wêrby't de twa in 21-jierrige wurknimmer ûnder bedriging de autokaaien ôfpakten. Se rieden fuort, mar koene letter troch de plysje oanhâlden wurde. De auto is yn beslach naam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)