Frou botst mei auto tsjin beam

12 okt 2011 - 09:49

In 19-jierrige frou út De Jouwer is tiisdeitejûn ferwûne rekke by in auto-ûngelok. Underweis fan Goaiïngaryp nei De Jouwer rekke se yn in flauwe bocht mei de auto fan de dyk en botste tsjin in beam. It slachtoffer kaam nei de botsing fêst te sitten yn de auto. De brânwacht moast har derút helje. Se is mei ferwûnings mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Snits.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)