Gjin fergoeding skea bou

12 okt 2011 - 06:09

Undernimmers oan it Riedhúsplein yn Drachten dy't finansjele skea hawwe troch bou-aktiviteiten, krije gjin kompensaasje fan de gemeente Smellingerlân. Dat sei wethâlder Nieske Ketelaar tiisdei by in byienkomst oer it sintrumplan.

Der wurdt op dit stuit sloopt om romte te meitsjen foar in nij winkelhert mei apparteminten en restaurants. Dat is yn 2016 klear, mar winkellju hawwe no al flinke skea. Guon stean op it punt om fallyt te gean.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)