Ferkeap foar ûnderhâldskosten

11 okt 2011 - 20:44

De nije gemeente Súdwest-Fryslân wol in foars part fan de hûnderten gemeentlike gebouwen ferkeapje om it ûnderhâld fan de eigendommen betelje te kinnen. Dat stelle boargemaster en wethâlders foar.

Om alles goed ûnderhâlde te kinnen is der alve miljoen ekstra nedich. Los dêrfan is der ek noch acht miljoen euro oan efterstallich ûnderhâld. Fjouwer miljoen euro komt út de reserves, nei de oare helte wurdt socht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)