Wenningbou fuort út lyts doarp

Wenningboukorporaasje Thús Wonen lûkt him werom út de lytste doarpen fan Noardeast-Fryslân. Dêr besiket de korporaasje de wenten te ferkeapjen.
Fanwege de krimp kinne net alle foarsjennings op it plattelân yn dy regio behâlden wurde. Troch de hierwenten yn gruttere doarpen te konsintrearjen hopet Thús Wonen dat de foarsjennings dêr kâns op oerlibjen ha. Op de lange termyn sil Thús Wonen allinne yn de 13 grutste doarpen huzen oerhâlde, no binne dat der noch 37.