Súkses by Bocuse d'Or

11 okt 2011 - 19:10

De rjochterhân fan topkok Marco Poldervaart hat de Nederlânske finale fan de Bocuse d'Or wûn. Ferline jier wûn Poldervaart dy priis sels. Poldervaart ferkocht koartlyn syn restaurant De Gastronoom yn Harns nei in konflikt mei it gemeentebestjoer. Yn it Gelderske Aalst hat er restaurant De Fuik oernaam.

Poldervaart syn eardere meiwurker Martin Ruisaard waard dêr syn rjochterhân. Ruisaard mei no nei de Europeeske finale yn Brussel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)