F'16-s ûnderskeppe Russen

11 okt 2011 - 17:25

In F16 fan de Ljouwert fleanbasis hat tiisdeitemiddei mei twa Britse Tornado strieljagers yn aksje west om twa Russyske Tupolev bommesmiters te ûnderskeppen. De Russen fleagen sûnder har bekend te meitsjen it stik loftrom yn dêr't Nederlân neffens NAVO-ôfspraken ferantwurdlik foar is. Dit barde dit jier foar de fjirde kear.

Yn it ramt fan de Quick Reaction Alert taak hat de loftmacht kontinu F16's klear stean om ûnbekende fleantugen te ûnderskeppen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)