Sinteklazestriid noch net oer

De Sinteklazestriid yn Ljouwert is noch net besljochte. Op 12 novimber driigje twa Sinteklazen op itselde momint oan te kommen. De iene lykas altyd yn de Prinsetún en de oare yn de de Skrâns. Dêr hâlde se in eigen yntocht, omdat Sinteklaas dêr net mear del komt.
Sinteklaas yn rêste, Harry Wiersma, wol it leafst dat alles by it âlde bliuwt. Ek boargemaster Ferd Crone bemuoit him yntusken mei it probleem. Hy fynt dat twa yntochten net kinne.