Foech boargemasters ûnwis

Boargemaster Ferd Crone
De Fryske korpsbehearder Ferd Crone hopet dat de Twadde Keamer ôftwingt dat yn de nije nasjonale plysje ek de boargemasters noch wat te sizzen hawwe oer it belied en de plysje-ynset.
Ferskate Twadde Keamer fraksjes hawwe fragen oer de posysje fan de boargemaster yn de nije plysje-organisaasje dy't lanlik oanstjoerd wurdt. Yn it plan fan minister Ivo Opstelten komt der ien grut noardlik plysjekorps dêr't boargemaster Rehwinkel fan Grins behearder fan wurdt.