Diploma restauraasjetimmerlju

11 okt 2011 - 13:48

Yn Drachten krije tiisdeitejûn njoggen jonge timmerlju it diploma restauraasjetimmerman. Jierrenlang drige dat berop yn Fryslân út te stjerren. De nije fakminsken hawwe in spesjaal learprojekt fan in jier folge fia de ROC Friese Poort yn Drachten.

Under oare yn de Lauerentiustsjerke fan Kimswert hawwe learlingen fan dizze oplieding oan it wurk west. Dizze tsjerke wurdt hielendal restaurearre.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)