Jild fertsjinje oan natuer

11 okt 2011 - 12:02

Boskwachters en opsichters fan Steatsboskbehear binne of wurde allegear oplaat om mear jild te fertsjinjen mei de natoer dy't se beheare. De organisaasje krijt folle minder jild fan it ryk en moat wat betinke om benammen de natoer tagonklik te hâlden foar besikers.

Dat kin betsjutte dat der mear jild frege wurdt foar bygelyks ekskurzjes. It is net de bedoeling dat der betelle wurde moat om kuierpaden te brûken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)