Agressive fytser yn de sel

11 okt 2011 - 11:04

In fytser hat moandeitemiddei yn Ljouwert foar in soad opskuor soarge. De man fytste op in plak dêr't dat net mocht. In kontrolearjend amtner spruts de man dêr op oan. De fytser begong te skellen en dêrom waard de plysje ynskeakele. Dy woe dat de man syn ID-kaart sjen liet, mar dy hie er nei by him.

Ek de plysjes waarden útskolden en misledige. De fytser is dêrom meinommen nei it buro en yn de sel setten.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)