Hartehokken yn brân stutsen
De plysje siket tsjûgen fan brânstifting yn in hartekampke oan de Oostergostrjitte yn Grou. Yn it ôfrûne wykein waarden de hokken fan de harten yn 'e brân stutsen. Dêrtroch ûntstie in soad skea.
De plysje wol graach dat minsken dy't dêr wat fan fernaam hawwe kontakt opnimme. Dat kin fia 0900-8844 of fia Meld Misdaad Anoniem.