Winst Accell troch ferkeap

11 okt 2011 - 10:14

Fytsekonsern Accell Group op It Hearrenfean hat syn oandielen yn it Dútske Derby Cycle AG ferkocht oan Pon Holdings. De transaksje betsjut in winst fan 17 miljoen euro foar Accell.

Pon kaam yn septimber mei it oanbod om alle oandielen fan Accell yn Derby Cycle foar 28 euro per oandiel te keapjen. Pon is in ynternasjonale hannelsorganisaasje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)