Ekstra stjoermêst nei brân

Der komt mooglik in ekstra tydlike stjoermêst yn it Noarden. Dy moat de needmêst yn Assen helpe mei de ûntfangst fan radio- en televyzjestjoerders. De mêst yn Assen waard pleatst nei de brân op 15 july yn de stjoermêst yn Hoogersmilde.
Nei de brân wie de ûntfangst in stik minder, ek nei't de ekstra mêst pleatst wie. Dat sil neffens eigner Novec noch wol efkes duorje om't de mêst by Hoogersmilde noch lang net opknapt is.