Peterson allinnich fierder

Emke Peterson stapt út Dantumadeel '82
De gemeenteried fan Dantumadiel telt no acht fraksjes. It Dantumadeel '82- riedslid Emke Peterson is út de fraksje stapt en foar himsels begûn. Peterson wie it net iens mei de gong fan saken yn de partij. Hy hie ek muoite mei de foardracht fan Jouke Dantuma as nije wethâlder.
Ferline wike ûntstie yn Dantumadiel in bestjoerskrisis. De koälysjepartijen CDA en PvdA wiisden kandidaat Dantuma ôf. Dantumadeel '82 stapte doe út de koälysje.