Boeren yn spanning om jild

10 okt 2011 - 20:32

In spannende wike foar de Fryske boeren. Woansdei wurdt it nije Europeeske lânboubelied presenteard. En dêryn stiet ek hoefolle subsydzje de boeren noch krije. Dúdlik is wol dat it budzjet fan hast 60 miljard euro gelyk bliuwt. Mar East-Europeeske lannen lykas Poalen en Roemenië wolle hieltyd mear jild út Brussel.

En dat giet ten koste fan de Fryske boeren. Foar 80 prosint foar harren sil dat betsjutte dat se tenei minder subsydzje krije.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)