Fjildgids mei wetterplanten

10 okt 2011 - 17:03

Boeren yn de Noardlike Fryske Wâlden sjogge aanst nei mear plantsjes as allinnich gers. Oer in pear jier witte se ek wat Sompe-Sint-Jânskrûd is of de Wetterpinksterblom. Dat is it doel fan in soarte fan lytse fjildgids mei wetterplanten dy't beskikber komt foar boeren dy't oansletten binne by ien fan de seis agraryske natuerferienings yn it gebiet.

Oan de hân fan foto's en omskriuwings fan 15 wetterplanten kinne se sjen oft it wetter yn de sleatten wat skjin is.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)