Wurksumheden A6 útsteld
De wurksumheden op de A6 fan Emmeloord rjochting De Jouwer gean tiisdeitemoarn net troch. Dat hat te krijen mei it minne waar. Fan healwei fiven oant seis oere soe it asfalt reparearre wurde.
Dat bart no woansdeitemoarn, op deselde tiid. Der is dan mar ien rydbaan beskikber foar it ferkear en de ôfrit nei De Lemmer is yn dy oeren ôfsletten.