Drachtsterplein wurdt sânbult

10 okt 2011 - 13:56

It Drachtsterplein yn Ljouwert feroaret de kommende wiken yn ien grutte sânbult. It plein moat twa meter ferhege wurde om sa fjouwer fytstunnels oanlizze te kinnen. Dêrom wurdt 40.000 kúb sân nei it plein brocht. Dat binne goed twatûzen frachtweinen mei sân.

De kypauto's ride de hiele moanne oktober ôf en oan. Dêrnei moat it sân oant febrewaris noch ynklinke. Ferkear moat dy perioade yn de moarns- en jûnsspits wach wêze op oerlêst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)