Jeugd ferspriedt sels porno

De NHL fiert it ûndersyk út
Jongeren ferspriede yn guon gefallen sels berneporno fia ynternet. It giet dan om minderjierrigen dy't seksueel tinte filmkes en foto's fan harsels op it net pleatse. Fjouwer persint fan de jongeren filmet mei in webcam seksuele hannelings mei bern fan deselde âldens.
De jongeren fine it foaral spannend om soks te dwaan. Dat binne de earste útkomsten fan it fjouwer jierrich ûndersyk Jeugd en Cybersafety fan de NHL Hegeskoalle yn Ljouwert. Dat ûndersyk is septimber 2009 begûn.