Sluten tsjerken kostet leden

10 okt 2011 - 12:14

De protestantske tsjerke yn Ljouwert driget grutte groepen minsken te ferliezen no't fjouwer fan de sân tsjerkegebouen tichtgean. Dat tinke de tsjinstanners fan it beslút. Se meitsje har grutte soargen oer de driigjende ferwidering tusken it bestjoer en de tsjerkegongers sels, sa seit tsjerkrintmaster Marian van der Werff fan de Koepeltsjerke.

Dy tsjerke moat ticht, mar it doek falt ek foar de Feniks-, de Pelikaan- en de Adelaarstsjerke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)