Gemeenten jouwe te min oan ict

Gemeenten jouwe oer it algemien te min jild út oan automatisearring en ICT. Dêrom moat mear gearwurke wurde om de websites te befeiligjen tsjin minsken dy't besykje yn te brekken op ynternetsites fan oerheden. Dat seit direkteur Almar Wimer Siebenga fan ISZF. Dat is it ICT gearwurkingsferbân foar Súdwest Fryslân, Littenseradiel, Harns, Gaasterlân-Sleat en Lemsterlân.
Twa âlde websites fan Littenseradiel en Lemsterlân binne de ôfrûne wike hackt, mar dat hie gjin gefolgen.