Sinteklaze-oarloch yn Ljouwert

10 okt 2011 - 11:29

Yn Ljouwert binne op 12 novimber twa Sinteklaasfeesten. De jierlikse yntocht mei Sinteklaas en syn Piten rint dit jier net mear oer de Skrâns. De Stifting Sinteklaasyntocht Ljouwert hat dat beslút naam fanwege risiko's oangeande de ferkearsfeilichheid.

De ûndernimmers oan de Skrâns binne it net iens mei it beslút fan de stifting. Se organisearje dêrom dyselde middei in eigen Sinteklaasfeest op de Skrâns.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)