VC Snits grypt neist supercup

09 okt 2011 - 17:33

De follybalfroulju fan VC Snits hawwe snein yn in tige spannende wedstriid om de lanlike supercup mei 3-2 ferlern fan Weert. Snits stie yn de finale as ferliezende bekerfinalist, om't Weert lânskampioen en bekerwinner waard.

De Snitser froulju setten poerbêst út ein. Se wûnen de earste set mei 25-14. Mar yn de lêste en beslissende set wiene de Limburgers krekt wat tûker: 15-10. De oare setstannen wiene 25-15, 24-14 en 18-25.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)