Fryske kuorballers ferlieze

It is kuorbalhaadklasser SCO fan Aldeholtpea snein net slagge om de twadde winst fan it seizoen te pakken. Foar eigen publyk ferlear de ploech mei 14-9 fan VADA út Wageningen. Yn deselde haadklasse ferlear LDODK sneon mei 12-11 mar krekt fan Tempo. Nei de wedstriid sei trainer Gerald Aukes dat LDODK net yn de wedstriid siet en te min treffers makke.
LDODK stiet mei Eibernest en Tempo boppe-oan, mei tsien punten út seis wedstriden.