Epke noch yn ûnwissens

09 okt 2011 - 14:53

Mei in skoare fan 15,133 punten is Epke Zonderland noch net wis fan in finaleplak op it WK turnjen yn Tokio. De Lemster turner stelde snein op it rek teloar. Hy stiet mei noch fiif divyzjes te gean sechde. De priiswinners fan de finale binne drekt pleatst foar de Olympyske Spelen yn Londen. Mocht Epke de finale net helje, dan kin dat noch op in kwalifikaasjetoernoai, begjin 2012. Op it ûnderdiel brêge helle Zonderland net de finale. Hy waard dêr njoggende.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)