Kok Reitse alle dagen op radio

09 okt 2011 - 14:39

Televyzjekok Reitse Spanninga is fan moandei ôf op alle wurkdagen te hearren yn Omrop Fryslân Aktueel op de radio. Hy sil dan in ûnderwerp koart beljochtsje dat mei iten te krijen hat. Dat kin eat wêze dat op dat stuit aktueel is, lykas poddestuollen yn de hjerst. It giet net om folsleine resepten. Wol kin it gean om in tip foar in resept.

Reitse Spanninga is alle wurkdagen te hearren op Omrop Fryslân Radio flak foar njoggen oere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)