Sluting tsjerken giet troch

De Koepeltsjerke moat ticht
De sluting fan de Adelaarstsjerke, de Fenix, de Koepeltsjerke en de Pelikaantsjerke yn Ljouwert giet definityf troch. Dat is sneintemoarn bekend makke oan de gemeenteleden. De Grutte Tsjerke, de Skakel en de Iepen Hof bliuwe iepen.
De sluting waard nei protesten fan gemeenteleden foarlein oan it Lanlik Kolleezje foar beswieren en geskillen. It kolleezje slút him oan by de tsjerkeried en dêrmei by de sluting fan de fjouwer tsjerken.