Gouden Gurbes útrikt

08 okt 2011 - 21:45

Yn Ljouwert binne sneontejûn de Gouden Gurbes foar iepenloftspullen útrikt. De Gurbe foar de bêste foarstelling is wûn troch Lang en Gelukkig, de ploech fan Caro Kroon út Ljouwert. Lakei Roel Tichelaar út dat stik krige in Gurbe foar bêste byrol.

De publykspriis is foar Bloedbân fan Burgum. Bêste haadrol gie dêr nei Anne Jongsma yn De Skepershûn fan Jobbegea. De bêste foarmjouwing is foar Simke fan De Harkema en de ekstra priis is foar de muzyk fan Jorwerts Bohemia.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)