Opnij ferlies Harkemase Boys

08 okt 2011 - 16:57

Harkemase Boys is yn de njoggende wedstriid tsjin de sechsde ferliespartij oanrûn. Sneon wie Rijnsburgse Boys mei 4-1 te sterk. Yn de earste helte kaam de ploech fan Wieb Rodenhuis op in 2-0 efterstân, omdat Rijnsburgse Boys doe sterker wie. Rob van Bunderen die krekt foar it skoft wat werom: 2-1

Nei de tee gie de striid lykop. Let yn de twadde helte bepaalde de thúsploech de einstân troch noch twa kear te skoaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)