Taptoekorpsen op Nijstêd

It winkeljend publyk yn de binnenstêd fan Ljouwert is sneon traktearre op korpsmuzyk. Dat barde om oandacht te freegjen foar de 38e edysje fan de Taptoe Ljouwert, sneontejûn yn it WTC Expo. Goed tsien korpsen út binnen- en bûtenlân dogge mei oan it evenemint.
De Taptoe Ljouwert hat as ien fan de pear taptoe's yn Nederlân te krijen mei btw-ferheging oplein troch it ryk. Se moatte dat betelje om't it evenemint safolle publyk lûkt. De kaartsjes binne no twa euro djoerder.