Nummerdor/Schuil: lêste 4

Schuil en Nummerdor
It beachfollybalduo Nummerdor en Schuil hat sneon de heale finale helle fan it wrâldtour toernoai yn it Marokkaanske Agadir. Yn trije sets wiene Richard Schuil fan Ljouwert en Reinder Nummerdor te sterk foar it duo Fuerbringer en Lucena út de Feriene Steaten. De setstannen wiene 16-21, 22-20 en 15-8.
Nummerdor en Schuil wiene as fyftjinde pleatst. Se spylje snein de heale finale tsjin de Brazilianen Pedro en Ferramenta. Dy binne as 17e pleatst.