Grutte drankkontrôle: 9 boetes

De plysje hat freedtejûn by in alkoholkontrôle yn Boarnsterhim en Tytsjerksteradiel njoggen minsken op de bon slingere. Njoggenhûndert automobilisten moasten blaze.
In 25-jierrige ynwenner fan Twizelerheide negearre it stopteken fan de plysje en ried troch. Hy koe oanhâlden wurde en moast mei nei it buro. Dêr die bliken dat er tefolle dronken hie. De man moast it rydbewiis ynleverje.