Bestjoerster slacht plysje

08 okt 2011 - 14:00

De plysje hat ôfrûne nacht in frou fan 31 jier út Drachten oanhâlden foar mishanneling, mislediging en it riden mei drank op. De frou wie op de Noarderdwersfeart yn Drachten mei de auto oer de kop slein.

Op it buro die bliken dat se fierste folle dronken hie. De frou waard lilk en sloech en skopte de plysjes. Fierders misledige se in plysje. De frou is foar fierder ûndersyk fêstset.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)