Eeltsje Halbertsma skjinbiend

08 okt 2011 - 13:13

Mei griene sjippe en reagebollen hawwe in tal plattelânsfroulju yn Grou it byld fan Eeltsje Halbertsma ûnder hannen naam. It is sneon de bertedei fan de âld-húsdokter fan Grou. Hy is berne op 8 oktober 1797. Syn byld by de yngong fan it park oan de Stasjonswei stiet der wat fertutearze by. Dêrom setten de Froulju fan No in skjinmakaksje op tou.

Eeltsje Halbertsma skreau tegearre mei syn broer Joast it standertwurk yn de Fryske literatuer Rimen en Teltsjes.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)