Fideoteken stjerre út

08 okt 2011 - 12:48

Hast de helte fan de Fryske fideoteken is de lêste jierren opdoekt. Fideoteken kinne de holle allinnich boppe wetter hâlde troch sels films digitaal oan te bieden of der oare dingen by te ferkeapjen. Sa hawwe guon fideoteken no ek djipfriespizza's. De ferhier fan dvd's ferdwynt net, mar sil yn de takomst noch faker dien wurde troch bygelyks in tankstasjon.

Frans van der Houwen fan Ster Media Stores ferwachtet dat der noch mear fideoteken ferdwine sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)