Priis foar jonge slachter

Foto: MBO Raad, fotopersbureau Freddy Schinkel
De jonge slachter Sjouke Bouma út Jiskenhuzen is yn de top trije einige yn de kompetysje 'MBO-uitblinker 2011'. Dizze ferkiezing wurdt ien kear yn it jier hâlden troch de MBO ried. De nominearren binne studinten dy't by har staazje útblonken en fan grutte wearde west ha foar har learbedriuw.
Op it útblinkersgala yn Amsterdam makke Bouma in soad yndruk op de sjuery. Foaral de útspraak: 'toen was ik gewoon verliefd op vlees' die it goed.