Konvenant tsjin ferkeap drank

07 okt 2011 - 18:18

De gemeente Ljouwert sil de striid oangean tsjin de ferkeap fan alkohol oan jongeren ûnder de 16 jier. Boargemaster Crone fan Ljouwert, ferskate supermerken en drankwinkels ha dêrfoar in konvenant sletten. Dêryn stiet dat de winkels harren ekstra ynspanne sille om gjin drank oan jongeren te ferkeapjen.

Doel is om it gedrach fan jongeren te feroarjen. Se moatte út harsels de ID sjen litte en net allinnich as der om frege wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)