Ringmuorre Aldeberkeap opknapt

07 okt 2011 - 17:19

De Bonifatiustsjerke yn Aldeberkeap moat it tydlik sûnder muorre dwaan. It giet dan om in ringmuorre. De muorre om de protestantske tsjerke is yn sa'n minne steat, dat er hielendal ôfbrutsen en wer opboud wurdt. In flink kerwei, dat al mei al 270.000 euro kostet.

De muorre stamt út de 18 ieu en is 210 meter lang. Hy wurdt yn parten ôfbrutsen en dêrnei wer opboud op in nije fundearring.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)