Gemeente skrast hûnebelesting

Foto: Remco de Vries, Omrop Fryslân
De gemeente Weststellingwerf skrast takom jier de hûnebelesting. Dat stiet yn de nije begrutting foar 2012. Neffens wethâlder Cor Trompetter is it in hiele frjemde belesting en is it net oan de boargers út te lizzen dat eigners fan hûnen wol belesting betelje moatte en minsken mei oare bisten net.
It is ek net sa dat troch it fuotfallen fan dy belesting it oanpakken fan oerlêst fan hûnen net mear kin.