Turnsters falle ôf op WK

De Nederlânske turnsters hawwe op it Wrâldkampioenskip yn Tokio teloarstellend prestearre. De ploech ûnder lieding fan de Fryske bûnscoach Gerben Wiersma kaam ta in puntetotaal fan 212,828. En dat is folle leger as ferline jier by it WK yn Rotterdam. Doe einige de ploech as njoggende.
Neffens Wiersma is der streng sjurearre en falt de skoare ôf. De froulju witte pas sneon, nei de twadde kwalifikaasjedei, wat de skoare opsmyt.