Fragen VVD oer Grinzer ideeën

De steatefraksje fan de VVD is fernuvere oer útspraken fan de Grinzer kommissaris fan de Keninginne Max van der Berg. Dy spruts him yn in ynterview út foar in fiergeande gearwurking tusken de trije noardlike provinsjes. It moat dan neffens Van der Berg gean oer ekonomyske saken, natuerbehear en ûnderhâld fan diken.
No wurdt allinnich ûndersyk dien nei gearwurking op it mêd fan administraasje. De VVD wol opheldering ha fan it kolleezje fan DS.