Wettersportplan Frjentsjer

De gemeenteried fan Frjentsjerteradiel is tongersdei unanym akkoart gien mei it masterplan Watersportkern Franeker. It plan foarsjocht ûnder oaren yn de ferbettering fan grêften, de bou fan nije brêgen, de oanlis fan lisplakken en sels in nije haven foar bygelyks de brune feart. De kosten wurde rûsd op fjirtjin miljoen euro.
It plan moat de kommende tweintich jier útfierd wurde en is bedoeld om safolle mooglik wettersporters nei Frjentsjer te heljen.